Kollumerlân ûnderfreget ynwenner

15 nov 2006 - 22:49
Foto: Omrop Fryslân

Kollumerlân set út ein mei in klanttefredenheidsûndersyk. De gemeente wol witte wat der allegear goed en ferkeard is oan de tsjinstferliening en wat oars moat. Ynwenners kinne dêrfoar in spesjaal formulier ôfhelje by it gemeentehûs.

Alle klachten wurde serieus naam. Yntsjinners krije yn in pear wike tiid antwurd.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)