'Wer pontsje by Keimpetille'

15 nov 2006 - 22:23

Oer in pear moanne fart der wer in pont oer it Van Harinxmakanaal by Keimpetille. Altearst as de 'Stifting Keimpetille Pont Werom' it foar mekoar krijt. Fytsers kinne dan fan Hatsum - tusken Dronryp en Wjelsryp - nei Frjentsjer oer de Keimpetilster- en de Salverderdyk.

Foar de oarloch lei by Keimpetille in brêge, mar dy waard yn 1946 derwei helle. Doe kaam der oant 1963 ta in pont op dat plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)