Spoarbrêge Akkrum wurd ferhege
De spoarbrêge by Akkrum wurdt mei in lytse twa meter ophege nei 3 meter 50. Dat bart yn it ramt fan it Fryske Marrenprojekt. It wurk is woansdei is út ein set.
Yn 'e gemeente Boarnsterhim wurde fjirtjin saken oanpast. Sa komme der ek nije passanteplakken en wurdt de brêgebestjinning ferbettere. De kosten foar it folsleine projekt binne 19 miljoen euro. Maitiid 2008 moat it wurk klear wêze.