WTC/Expo wurdt twa kear sa grut

15 nov 2006 - 14:43

It WTC/Expo yn Ljouwert wurdt hast twa kear sa grut. It beurskompleks wurdt útwreide mei kantoaren, fergaderromte, restaurants en in hotel. De kommende jierren wurdt der sa'n 12 miljoen euro yn stutsen.

Op 2 desimber iepenet it Holland Casino harren doarren yn it Ljouwerter beurskompleks. Mei de gemeente Ljouwert is in oerienkomst tekene. Dêryn is ûnder oare ôfpraat dat de gemeente har oandielen ferkeapet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)