Kontrôles foar ferkiezings

It kabinet wol fraude by de ferkiezings nije wike foarkomme. Dêrom binne de ôfrûne wiken kontrôles holden by ferskate gemeenten. Yn Fryslân kamen de kontroleurs del by Ljouwert en Nijefurd.
Beide gemeenten krigen in dikke foldwaande. Meiwurkster Piety van der Goot fan boargersaken yn Nijefurd krige selfs de felisitaasjes fan it ministearje fan Ynlânske Saken.