Himpplantaazje yn Drachten

Oan de Tussendiepen yn Drachten is woansdeitemoarn in himpplantaazje oprôle. Yn in loads wie in kwekerij makke mei 1600 planten. De plysje is de saak op it spoar kaam nei in tip. Neffens de plysje wie de plantaazje opfallend profesjoneel opset.
Meiwurkers fan Omrin binne ynskeakele om de planten en de apparatuer op te romjen. De hierder fan de loads yn Drachten moat noch heard wurde. De eigner hat neat mei de saak te krijen.