Blau-Wyt krijt klean fleanbasis

© Omrop Fryslân
Fuotbalferiening Blau-Wyt yn Ljouwert krijt nije fuotbalklean fan de Ljouwerter fleanbasis. De klean binne bestimd foar it sechtjinde jeugdteam, it saneamde F-16 team. Fanwege dy bysûndere namme sponsort de fleanbasis it jeugdteam.
Ein novimber krijt it alvetal de tenues oerlange op de fleanbasis. De fuotballers krije dan ek in rûnlieding wêrby se in F-16 besjen kinne. Blau- Wyt Ljouwert hat njoggenhûndert leden.