Hakze mei âlde namme brûke

Keunstner Dirk Hakze fan Snits mei de namme "The Colorfield Performance" brûken bliuwe. Dat hat de rjochtbank woansdei yn in koart pleit bepaald.
In oare keunstner, Theo Kazemier fan Baarn, easke dat Hakze ophold mei it brûken fan de namme. Doe't beide manlju gearwurken foar grutte keunstprojekten op Skylge en Skiermûntseach diene se dat ûnder de namme The Colorfield Performance. Dy gearwurking is yntusken ôfrûn.