Maatregels ynboargering Ljouwert

De gemeente Ljouwert hat maatregels nommen om ynwenners fan bûten Nederlân sa goed mooglik ynboargerje te litten. Yn in amtlik stik wurdt út de doeken dien wat der nedich is om elk goed yntegrearje te litten yn de mienskip.
Ljouwert rint dêrmei foarút op de nije Ynboargeringswet, dy't fan 1 jannewaris ôf yngiet. Minsken sûnder Nederlânske nasjonaliteit wurde dan twongen om in ynboargeringseksamen te heljen.