Gemeentehûs Skylge djoerder
De nijbou fan it gemeentehûs op Skylge wurdt twa of trije ton djoerder. Dat komt trochdat de haadoannimmer fan it projekt fallyt gien is. It giet om boubedriuw HBC út Hoogeveen.
Boubedriuw Bos fan Skylge is no haadoannimmer. De nijbou fan it gemeentehûs is al in pear wike fertrage, dochs kinne de amtners dit jier noch ferhúzje nei it nije diel. Dêrnei wurdt it âlde diel ferboud. Dat moat simmer takom jier klear wêze.