Subsydzje Monitoringscentrum
It 'Monitoringscentrum' krijt 35.000 euro subsydzje foar needhelp oan asylsikers dy't ûnder de âlde frjemdlingewet falle. Yn it 'Monitoringscentrum' wurkje stifting Respons en Flechtlingewurk Fryslân gear.
Earder krige it sintrum al 25.000 euro subsydzje fan de provinsje. It sintrum wurdt fierder stipe troch it Ryk en gemeenten.