Provinsje wol Vitens-oandielen

De provinsje wol 200 Vitens-oandielen keapje foar 11.000 euro. Dêrmei krijt de provinsje tagong ta de oandielhâldersgearkomste en wurdt it makliker om yn de takomst mear oandielen te keapjen.
Deputearre Steaten wolle in grutter oandielepakket. Dêr wurdt lykwols foarearst net oer ûnderhannele. De provinsje wol earst wachtsje op de nije drinkwetterwet. Dy moat dúdlikens jaan oer it dividindbelied fan Vitens.