Ljouwerter oppakt foar stellerij

15 nov 2006 - 10:11

In Ljouwerter (17) is ôfrûne nacht yn syn wenplak oanhâlden foar autostellerij. Plysjes seagen de auto riden op de Kanaalstrjitte. Om't de bestjoerder yn de ferkearde rjochting ried woene de plysjes him kontrolearje.

De bestjoerder naaide út en sprong op in parkearplak út de auto. De ynsittende fan de auto, de 17-jierrige Ljouwerter, naaide ek te foet út. De plysje fûn him yn in skuorke. De bestjoerder fan de auto is ûntkommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)