Ljouwert út oer Twibaksmerk

De gemeente Ljouwert hat regels opsteld dêr't de nijbou fan it provinsjehûs oan de Twibaksmerk yn de stêd oan foldwaan moat.
It gemeentebestjoer hat in foarkar foar ien fan de modellen fan de Amsterdamse arsjitekt Soeters. Der moat wol in oanpassing komme: de heechbou fan it provinsjehûs mei net te sjen wêze as jo op strjitte steane. It part fan de nijbou fan 40 meter hichte moat dêrom ferpleatst wurde.