Jong Oranje ferliest wer

Bûnscoach Foppe de Haan hat tiisdeitejûn in oefenwedstryd tsjin Ingelân ferlern. Yn it stadion fan AZ yn Alkmaar waard it 0-1. It doelpunt foar de Ingelsen foel al yn de tolfde minút. Hearrenfean-keeper Boy Waterman makke in blunder troch in weromspylbal tsjin in Ingelske oanfaller oan te skoppen. Dy koe dêrnei maklik de goal meitsje.
Ferline moanne ferlear Jong Oranje noch fan Denemarken.