Jild nedich foar teater Snits

© Omrop Fryslân
Der moat noch mear as 10 miljoen euro fûn wurde foar de bou fan in teater en sintrum foar de keunsten yn Snits. De kosten fan it totale projekt oan de Westersingel en it Bolwurk wurde rûsd op mear as 25 miljoen euro.
It kolleezje hat in miljoen fan de rie krigen om de earste kosten te dekken. Mar der moat wol sa gau mooglik in slutende begrutting foar it projekt komme. Dat easke de PvdA yn in moasje en dy krige stipe fan alle riedsleden.