Aris jout oerwinning wei

14 nov 2006 - 22:31

Basketbalclub Aris hat de winst tsjin Rotterdam yn de einfaze weijûn. De Ljouwerters hiene hast de hiele wedstryd in foarsprong, mar úteinlik wûn Rotterdam mei 61-63.

De Rotterdammers hiene allinnich nei it earste kwart in foarsprong. Dêrnei naam Aris it inisjatyf oer. De ploech fan trainer Roorda joech ien minút foar tiid de oerwinning út hannen. Aris stiet no njoggende mei seis punten út njoggen wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)