'Mear omtinken kwaliteit soarch'

© Omrop Fryslân
Politike partijen sjogge te folle nei de kosten fan de soarch en te min nei de kwaliteit. Dat fynt Zorgbelang Fryslân, de fertsjintwurdiger fan sa'n 90 pasjinte- en konsuminte- organisaasjes yn Fryslân. Har klacht wie tiisdei te hearren op in debat mei Fryske kandidaat-Twadde Keamerleden.
Zorgbelang Fryslân hellet as foarbyld de oanbesteging yn de thússoarch yn Noardwest-Fryslân oan. Dy oanbesteging soarge koartlyn foar ûnrêst.