Undersyk nei plysjespeurhûnen

© Omrop Fryslân
Justysje docht ûndersyk nei strafsaken yn Fryslân dêr't de dieder by oanwiisd is troch in speurhûn. De begelieders soene harren net oan de regels hâlde hawwe. Dêrtroch soene se de hûnen mooglik beynfloede hawwe by it herkennen fan de fertochten.
Oanlieding is de frijspraak fan twa fertochten, ôfrûne freed. De geurproef soe net neffens de regels dien wêze. Justysje sil no alle speurhûnsaken fan de ôfrûne tsien jier besjen.