Hurdriidkontrôles yn Snits

© Omrop Fryslân
Yn Snits wurdt op grutte skaal kontrolearre op te hurd riden yn wenwiken. De plysje yn Snits docht mei oan it projekt 'Met 30 zie je meer'.
Sûnt heal septimber wurdt yn de hiele provinsje kampanjefierd foar 30 km. Mei stickers, boerden en radiospotsjes wurdt automobilisten frege net hurder te riden. De plysje yn Snits let spesjaal op ditsoarte oertredings en skriuwt dêr ek boetes op út.