Gedrachskoade foar feehannelers

14 nov 2006 - 15:27

Feehannelers komme mei in gedrachskoade foar omgang mei fee op feemerken. Der wurdt in hânboek makke yn oparbeidzjen mei it ministearje fan Lânbou en mei diere-organisaasjes. Yn dat boek stiet hoe't omgien wurde moat mei de bisten op feemerken en by it ferfier fan en nei de merk. In skoft ferlyn kamen de feehannelers negatyf yn it nijs nei berjochten oer mishannelingen. De AID kontrolearret de gedrachsregels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)