Feemerk bliuwt yn Ljouwert

14 nov 2006 - 11:38

De feemerk bliuwt noch wol in skoft yn Ljouwert sitten. De Stichting Feehandelsintrum Noard-Nederland hat it kontrakt mei Andries de Jong fan it WTC Expo mei twa jier ferlingd.

De stifting hat omsjoen nei in nij plak foar de feemerk omdat de hallen yn Ljouwert eins te lyts binne. Mar nijbou duorret te lang, seit foarsitter Andries Kingma fan de Noardlike feemerk. Sadwaande bliuwe se foarearst op it besteande plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)