'Skulpdierfiskerij is skealik'

© Omrop Fryslân
It Waadgebiet hat nettsjinsteande de status 'beskerme natuergebiet' skea fan de skulpdierfiskerij. Dat konkludearje ûndersikers fan de Ryksuniversiteit Grins en it NIOZ, in ynstitút dat see-ûndersyk docht.
De stikken Waad dêr't trekfûgels fretten fine kinne, nimme bot ôf. Dat komt troch de skulpdierfiskerij, miene de ûndersikers. De boaiem feroaret ek wêrtroch't der minder skulpdieren binne.