Help foar Sri Lanka

© Omrop Fryslân
De Stifting Wolwêzen Weststellingwerf hat fyftich kisten mei ark nei Sri Lanka stjoerd. Dêrby sitte ek santjin naaimasines en in yndustry-naaimasine. Dat alles bart yn it ramt fan de aksje Gered Gereedschap. De lêste tiid ha frijwilligers fan de stifting ark ynsammele en opknapt.
Yn ûntwikkelingslannen kinne de ferskate soarten ark goed brûkt wurde. Jongerein kin dêrmei in fak leare en letter har brea fertsjinsje.