Mooglik .frl ekstinsje

21 mrt 2012 - 10:30

Fryslân krijt miskien wol in eigen ynternet-ekstinsje fan punt frl. De organisaasje Mijndomein tsjinnet in oanfraach yn by de ynternasjonale organisaasje. Mijndomein docht dit foar eigen rekken en risiko. Sy tinke dat der in soad oanfragen komme sille foar de útgong frl. Deputearre Steaten binne bliid mei it inisjatyf. Yn febrewaris wiisden Provinsjale Steaten in foarstel fan Deputearre Steaten foar sa'n ekstinsje ôf, omdat it tefolle kostje moast.

Trefwurden: 
ektinsje FRL
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)