Jong Cambuur út bekertoernoai

14 nov 2006 - 09:14

Jong Cambuur ferlear moandeitejûn de bekerwedstriid mei 3-1 fan Jong Ajax. Yn Amsterdam kaam Ajax al nei twa minuten op foarsprong. Leon Ramos makke krekt foar it skoft de 1-1 foar Cambuur, mar fan de ôftraap ôf waard it dochs wer 2-1 foar Jong Ajax.

Yn de twadde helte koene Jong Cambuur goed partij jaan, mar de kânsen waarden net fersulvere. Troch de 3-1 fan Jong Ajax sit it bekeraventoer der foar no op foar de Ljouwerters.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)