Jong Hearrenfean ronde fierder

13 nov 2006 - 22:29

Jong Hearrenfean hat moandei mei 3-1 wûn fan jong ADO Den Haach. Nei de earste helte stie Den Haach noch foar mei 1-0. Yn de twadde helte wie it Will Johnson dy't de trije doelpunten foar Hearrenfean der yn skeat.

Troch de winst is Jong Hearrenfean wer in ronde fierder yn it bekertoernoai. Yn febrewaris wurdt de earste wedstryd yn de kwartfinale spile. Tsjinstanner is de winner fan de wedstryd tusken Jong FC Twente en Jong Willem II.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)