Seis restaurants yn Lekker 100

Seis Fryske restaurants steane yn de Top-100 fan restaurantgids Lekker. De Heeren van Harinxma yn Beetstersweach is it beste Fryske restaurant, mar it is wol hast 40 plakken sakke nei it 60ste plak.
Grutste Fryske stiger is Frouckje State yn Ryptsjerk. Fierders steane ek yn de list De Koriander yn Drachten, Eindeloos yn Ljouwert, De Gastronoom yn Harns en Sir Sebastian op It Hearrenfean.