Rûte heak om Ljouwert fêststeld

De heak om Ljouwert komt op it plak dêr't it grutste part fan de omwenjenden de dyk ha wol. Minister Peijs fan Ferkear en Wettersteat hat moandei bekendmakke dat har foarkar útgiet nei dit trasee.
Dat hâldt yn dat de dyk oanlein wurdt op it trajekt tusken Hemriksein en Marssum, it Middenalternatyf East. Yn de plannen binne in akwadukt en fiif ûngelyk-flierse krusings opnaam. De bou soe yn 2009 úteinsette moatte.