Bettere regeling foar minima

13 nov 2006 - 14:27

Tytsjerksteradiel wol it foar minima noch makliker meitsje om lid te wurden fan in sportferiening en sportklean te keapjen. Der is no wol in regeling foar minsken dy't soks net betelje kinne, mar dy is yngewikkeld en te min minsken meitsje der gebrûk fan.

De gemeente feroaret de regeling sa dat mear minsken der gebrûk fan meitsje kinne. Sa hoege minima bygelyks it bedrach tenei net mear earst foar te sjitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)