Aksje tsjin heroïneferstrekking

Bewenners fan it Ljouwerter Vliet en omlizzende wiken ha in aksjegroep opset tsjin frije heroïneferstrekking by har yn de buert. De namme fan it komitee is 'Vliet heroïne-unit Niet'.
De bewenners wolle út noch yn net dat yn har wyk fergees heroïne fuortjûn wurdt. Oare wike is de earste ludike aksje. Der wurde dan bonnen fuortjûn foar in fergese snack by Snackbar it Vliet. Dy stiet njonken it gebou dêr't de drugs ferstrekt wurde sille.