Ald spoar foar stoomtrein

13 nov 2006 - 11:20

De Stichting Stoomtrein Fryslân hat it âlde spoar op bedriuweterrein West yn Ljouwert kocht. Dat spoar sil brûkt wurde foar de stoomtrein dy't fan 2008 ôf ride moat fan Snits nei Starum.

It bedriuweterrein West yn Ljouwert wurdt opknapt. It âlde spoar waard eartiids brûkt foar transport, mar hat no gjin funksje mear. It spoar wurdt dêrom oprêden. Der is no dus in nije bestimming foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)