Oanholden mei drugs en fjoerwurk

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintejûn in jonge fan 15 út Drachten oppakt om't er harddrugs en fjoerwurk by him hie. In befeiligingsmeiwurker hie de jonge oanholden op in bouterrein oan de Torenstrjitte om't er dêr hielendal net komme mocht.
De plysje waard derby roppen en dy fûn it fjoerwurk en in pûdsje harddrugs by him. De jonge waard oanholden, en meinommen nei it buro.