Mear winst Nuon

13 nov 2006 - 10:21

De winst fan enerzjybedriuw Nuon yn it tredde kwartaal fan dit jier is útkaam op 97 miljoen euro. Dat is ien miljoen mear as in jier lyn. De nettowinst gie fan 148 nei 219 miljoen euro. De omset is omheech gien nei 1 miljard euro as gefolch fan in hegere oalje- en gaspriis.

Nuon hat de nettoskuld fan it bedriuw werombrocht fan 903 miljoen yn it twadde kwartaal nei 393 miljoen yn it tredde kwartaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)