Dúdlik te folle dronken

13 nov 2006 - 10:17

By in 56-jierrige Ljouwerter is sneon wol hiel maklik dúdlik wurden dat hy tefolle dronken hie. De man wie mei syn brommer ûnderút gien. Doe't de plysje him frege om te blazen wie er te dronken om stean bliuwen en foel de Ljouwerter foaroer op strjitte.

De man rekke derby ferwûne en is oerbrocht nei it sikehûs. Dêr is bloed ôfnaam om te sjen hoefolle as de man no echt dronken hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)