Mid-Fryslân wint fan SCO

12 nov 2006 - 18:02

De kuorballers fan Mid-Fryslân wûnen snein de Fryske twastriid yn de sealhaadklasse mei 17-14 fan SCO. Mid-Fryslân, de feriening ûntstien út Stânfries (Reduzum) en Marfûgels (Grou), wurke yn de twadde helte in achterstân fan trije punten fuort. Dêrnei wie it 'derop en deroer'.

Foar SCO wie it ferlies soer. De ploech út Aldeholtpea spilet op it alderheechste nivo, Mid-Fryslân spilet twa klassen leger.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)