Friesinger wint 1000 meter
Anni Friesinger hat sneintemiddei by de Wrâldbekerwedstriden yn Thialf op It Hearrenfean de 1000 meter wûn. Har tiid wie skerp: 1.15,93. Twad waard de Kanadeeske Christine Nesbitt yn in tiid fan 1.16,15. Ireen Wüst waard tred. Sy hie 1.16,92 nedich.
Wüst bleau Marianne Timmer 0,05 sekonde foar. Margot Boer waard sânde op dizze ôfstân.