Fytsster fan dyk ôf drukt

12 nov 2006 - 14:25

In 50-jierrige frou fan It Hearrenfean is sneon troch in noch ûnbekende automobilist fan de dyk drukt. De frou fytste oer de Van Goghleane op It Hearrenfean.

Se seach dat de auto rjocht op har ôfriden kaam. Doe't se besocht de auto te ûntwiken foel se op in parkearde auto. De frou hat oanjefte dien fan mishanneling. Fan de automobilist ûntbrekt elk spoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)