Brân yn wenning Penjum

12 nov 2006 - 13:46
Foto: Omrop Fryslân

De wenkeamer fan in wenning oan de Molenlaan yn Penjum is sneontejûn foar in part útbaarnd. In 41-jierrige Penjummer seach reek yn de wenkeamer by syn buorlju.

Hy warskôge de twa âldere bewenners en begûn mei blussen. De skea bleau sa beheind ta de wenkeamer. De brân is ûntstien troch koartsluting.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)