Zonderland twad yn Skotlân
Turner Epke Zonderland fan De Lemmer is sneon by de wrâldbekerwedstriden yn Skotlân twadde wurden op it ûnderdiel rek. De Frânsman Cucherat waard earste op dat ûnderdiel.
It is al de twadde kear dat Zonderland sukses helle hat yn de wrâldbeker-syklus. Koartlyn wûn de turner goud yn Teheran.