'Sporthalflier Harkema ferfange'
De minne flier fan de sporthal op De Harkema moat ferfongen wurde. De PvdA- riedsfraksje yn Achtkarspelen wol dat it gemeentebestjoer de mooglikheden hjirfoar ûndersiket. De partij krijt klachten fan gebrûkers fan de sporthal.
It risiko bestiet no dat der aanst gjin offisjele wedstriden mear spile wurde meie. Sjoen de minne finansjele situaasje fan de gemeente is it ferfangen fan de flier earst foarút skood.