Fernielerij yn Ljouwert

21 mrt 2012 - 10:10
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat moandeitejûn twa Ljouwerter jonges fan 14 en 15 jier oanhâlden foar fernielerij. Tsjûgen seagen dat der in rút fernield waard fan in hús oan de Ferlingde Skrâns. De dieders wiene fuortfytst yn de rjochting fan Achter de Hoven. De plysje trof de beide knapen dêr oan en hat se oanhâlden en meinommen nei it plysjeburo foar ferhoar.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje fernielerij
(advertinsje)
(advertinsje)