ONS 2-2 tsjin Oranje Nassau

© Omrop Fryslân
Sneonshaadklasser ONS Snits spile op it eigen fjild tsjin Oranje Nassau út Grins. De Snitsers kamen net fierder as in 2-2 lykspul. Foar it skoft kamen de Grinzers op in 1-0 foarsprong.
Albert Jan van Zwol soarge foar 1-1. Nei in 2-1 efterstân makke Ton Haarman yn de 90ste minút foar de Snitsers de lykmakker. De oare sneonshaadklasser Harkemase Boys is dit wykein frij.