Mear astma ûnder skoalbern

11 nov 2006 - 14:19

Fryske skoalbern ha hieltyd mear lêst fan astma. Fiif persint fan de bern yn groep 2 brûkt medisinen foar astma. Dat lit in rapportaarzje fan de GGD sjen oer de sûnens fan Fryske bern. De GGD ropt skoallen op om wat te dwaan om it binnenklimaat te ferbetterjen.

Dat kin troch bygelyks faker in rút iepen te dwaan. Ut de rapportaazje docht ek bliken dat it tal bern mei oergewicht yn Fryslân net tanimt. Yn oare provinsjes is dat wol sa.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)