Boeren Opsterlân wolle wynmûnen
Trije boeren út Opsterlân wolle graach fiif grutte wynmûnen delsette by de A7. Se ha in oanfraach by de gemeente yntsjinne om mûnen del te setten mei in hichte fan 65 meter. De wjukken binne 35 meter lang.
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders stiet net negatief foar de oanfraach oer. De gemeenteried fan Opsterlân is tsjin wynmûnen yn de gemeente.