FNP optimistysk oer ferkiezings

De FNP is net ûnder de yndrûk fan in ferkiezingspeiling fan de NHL. Dêryn soe de FNP noch mar 3 fan de 7 sitten oerhâlde by de steateferkiezings maart takom jier. Listlûker Kramer tinkt dat it wol tafolle sil.
Freed hat de FNP it ferkiezings- programma fêststeld. De partij wol û.o. gjin opleine gemeentlike weryndieling. By de steateferkiezings yn 2003 krige de FNP in soad stimmen troch it ferset tsjin de sweeftrein.