Philips ferkeapet masjinefabryk

Philips Drachten ferkeapet syn eigen masjinefabryk. Twa bedriuwen nimme de masjine-aktiviteiten oer. Fjirtich fan de 180 meiwurkers fan de ôfdieling bliuwe by Philips wurkjen, de oaren geane mei oer nei de twa bedriuwen.
Philips stjit it masjine-ûnderdiel ôf om kosten te sparjen. Ek past it yn de strategy om yn Drachten neist it skearapparatefabryk ek mear te dwaan oan de ûntwikkeling fan húshâldlike apparatuer.