Hot-dogkream moat jûns fuort

10 nov 2006 - 15:34

De hot-dog kream op de Leeuwenburg yn Snits moat jûns fuort. De gemeente ferwachtet dat oars balstjurrige jeugd of oaren de kream wol ris de grêft yn kieperje kinne. Mar de eigner tinkt dat it allegear wol wat tafalle sil.

Foarhinne stie de eigner mei in lyts kreamke op it plak en rûme er syn hannel jûns altyd op. Mar no hat er in kream dy't net samar fuort te heljen is. Oare wike sil de gemeente it probleem nochris besprekke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)