Premy De Friesland stik heger

De basisfersekering fan fersekerder De Friesland wurdt kommend jier in stik djoerder. De premy giet fan 86,50 euro yn de moanne nei 96 euro. Fan de acht fersekerders dy't de premy fêststeld ha, is de Friesland no de djoerste.
It ferskil tusken de fersekerders is lykwols net grut. It giet dan om in oear tientsjes yn it jier. Ferline jier wie de De Friesland noch ien fan de goedkeapsten. De fersekerder hat goed 503.000 klanten.