TBC yn Harns

10 nov 2006 - 10:59

By in 66-jierrige man út Harns is in besmetlike foarm fan tbc konstateard. De man is opnaam yn sikehûs MCL yn Ljouwert en wurdt dêr behannele. Der is mooglik in ferbân mei eardere útbraken fan tuberkulose yn de stêd.

De ôfrûne tsien jier ha der yn Harns ferskate tbc-útbraken west. De GGD Fryslân docht DNA-ûndersyk om der achter te kommen wat de relaasje is tusken de útbraken. It ûndersyk moat binnen twa moanne klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)